Lit ús fan wâl stekke…
Op it Breed hat jierren in byldbepalende kastanjebeam stien op it plak dêr’t eartiids in draaikûm foar skûtsjes wie. Dizze kastanjebeam hat de basis foarme foar in smûk moetingsplak yn it ramt fan it te renovearjen doarpsplein. Yn 2015 is de saneamde pleintafel om de stam fan dizze kastanje hinne boud. It projekt waard it Wâlhout neamd. In protte frijwilligers hawwe dêrmei dwaande west.
Begjin 2017 is troch in stoarm de kastanjebeam spitigernôch omwaaid. Sûnder kastanje is it oansjen fan 'it Wâlhout' net mear itselde. It smûke skaad bygelyks, dêr’t de kastanje eartiids foar soarge, is ferdwûn. In nije beam is lykwols net mooglik fanwege de sitewaasje op dit plak. Ien fan de redenen is dat dizze beam net genôch wetter krije soe om groeie te kinnen.
De pleintafel yn 2016, noch mei kastanjebeam.
Doarpsbelang hat in oprop dien foar nije ideeën om it oansjen fan de pleintafel te ferbetterjen en der is in projektgroep gearstald. Dizze Projektgroep Pleintafel hat in plan betocht en Doarpsbelang hat dêr grien ljocht foar jûn. Dit plan kin no útfierd wurde.
In útnûgjend moetingsplak
It tafelblêd fan de pleintafel hat de foarm fan it swurd fan in skûtsje en it ferwiist nei de draaikûm dy’t ea op dit plak lokalisearre wie. De namme fan de tafel, it Wâlhout, komt fan de Fryske útdrukking ‘earne wâlhout krije’ (earne in skoft stean te praten) en ek ‘dy skipper hat tefolle wâlhout yn it skip’ (in skipper dy‘t te lang of te faak foar de wâl leit).
Wy ha keazen foar in útfiering dy’t ticht by de namme fan de tafel leit. Wy ha foar eagen dat minsken hjir sitte kinne - om yn skipperstaal te bliuwen: hjir oanlizze kinne - inoar moetsje, mei-inoar prate en dat men sels wat langer sitten bliuwt as men eins fan doel wie.
Us doel is dat de pleintafel útnûget, ferrast en fielt as in smûk en feilich plakje.
Om oan te sluten by it tema 'it Wâlhout' brûke wy materialen, kleuren en symboalen dy’t te krijen hawwe mei dat earderneamde ‘oanlizzen’.
De saken dêr’t wy mei te krijen hawwe
Op dit stuit misse wy de geselligens, it smûke dat de beam ús bea. It gehiel docht no keal oan. En wy misse de ienheid dy’t der earder wol foarme waard mei de tafel en de beam. Der sit in gat fan 1.30 meter trochsneed yn de tafel dêr’t eartiids de stam fan de kastanje stie. De Lianderkast neist de tafel kin net ferpleatst wurde en stiet eins yn ’t paad. En der moat earne in jiskefet komme dat past yn it gehiel.
De praktyske útwurking
(It kin wêze dat by publikaasje fan dit artikel al ien of meardere parten fan it plan ree binne.)
Under de tafel komt in laach skulpen sadat it dêr netsjes bliuwt.
De ferkearspealtsjes om de tafel wurde ferfongen troch fiif robúste mearpeallen om 'it Walthout' ôf te skermjen foar it autoferkear.
De stroomkast fan Liander en it jiskefet krije de foarm fan twa grutte mearpeallen.
Der komt beplanting fan ferskate gerssoarten yn dat eaget as in in reidkraach om der sa in smûk plakje fan te meitsjen. It hege gers bloeit yn de simmer mar ek winterdeis jout it in moai, natuerlik oansjoch.
Yn it gat fan de tafel komt in rûch fisknet te hingjen en in tal stjitwillen yn ferskate kleuren en maten.
Dizze stjitwillen passe by it tema (feilich oanlizze) en folje it grutte gat op in wize dy’t troch de foarmen en kleuren opfalle sil; in wiere eachlûker. Op de stjitwillen komme dichterlike, Fryske teksten te stean dy’t de nijsgjirrigens oproppe. De stjitwillen sitte oan tou en kinne nei jo ta helle wurde om alle teksten better lêze te kinnen.
Wy hoopje dat it plan ynkoarten útfierd wurde kin. De datum is ôfhinklik fan de coroanakrisis.
Wy stekke fan wâl… sadat jimme aansen wer (te) lang en (te) noflik om de pleintafel sitte kinne. Genôch stof om oer te praten ommers!
Projektgroep Pleintafel, yn opdracht fan Doarpsbelang Eastermar,
Atsie Boersma
Harmke Paulides
Sjoerdsje Wiersinga
-
- Informatie
- 11 oktober 2024
Cheque Rabo Clubsupport voor Lokaal Loket
Lokaal Loket heeft een cheque van Rabo Clubsupport ontvangen met een bedrag van € 597,03!Met dit bed... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 oktober 2024
Bingo in kantine 'De Burgerkamp'
Lokaal Loket organiseert op vrijdag 15 november weer een bingo in de sportkantine.Leeftijd 12 jaar e... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 oktober 2024
Nijs út it Mienskipshûs
Krekt as de measte minsken hie ek it Mienskipshûs simmerfakânsje. Dêr kaam op 24 augustus in ein oan... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 oktober 2024
Bridgelessen yn it Mienskipshûs
Nei oanlieding fan de workshop bridgen yn de EA Bloeiwike sille der yn de kommende winter bridgeless... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 29 augustus 2024
It Breed is ien grutte iterstafel
Likernôch 75 folwoeksenen en 50 bern hawwe gebrûk makke fan in unike kâns: oanskowe foar it jûnsiten... Fierder lêze »