Foarich jier makke dizze webstek al melding fan it brechje neist it brêgewachtershûs, sadat wy tenei kuierje kinne by de Lits del richting útsjochpunt. Mar it wie doe al gau ho. Tsjien meter fierder kamen wy foar in sletsje te stean, seagen keurich it skelpepaad achter de sleat fierder rinnen, mar sûnder pols kamen wy net fierder.
Fan hjoed ôf is dêr feroaring yn kaam. Der leit no in batte (hie wol wat breder kind mar toemar) oer it sleatsje dat wy kinne no fierder op ûntdekkingsreis. Mar net foar lang. Dêr wachtet ús in hikke. Dêr kinst oerhinne klimme mar dat mei net oant 15 juny ta (ek al stjit it buordsje dêre ferkeard om).
Wy moatte dus noch efkes geduld dwaan en wa wit is der tsjin dy tiid wol in klaphekje kaam en kinne wy oer it simmerdykje en tusken de skiep troch op nei in nij simmerparadyske.
-
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 januari 2025
Verslag sponsordag 2025 van St. it Eastermarder Skûtsje
In de kantine van het nieuwe bedrijfspand Metalis van schipper Geale Tadema was vrijdag 17 januari d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 29 juni 2003
Nij paad by de Lits del: pols mei
Fansels wit eltsenien al dat der by de Lits del no ek kuiere wurde sil de kant fan de Leyen út. Nei... Fierder lêze »