Tongersdeitemiddei is it nagelnije keunstwurk by De Kjellingen ûntbleate yn oanwêzigens fan fertsjintwurdigers fan de gemeente Tytsjerksteradiel, Doarpsbelang Eastermar en gebrûkers fan it gebou De Kjellingen.
Keunstner Hans Jouta fan Ferwert hat útlein wat de bylden by de yngong symbolisearje. De hichte fan de bylden wiist op de hege lizzing fan it gebiet De Kjellingen; de foarm fan it keunstwurk is in ferwizing nei bygelyks slachtosken fan mammoeten om oan te jaan dat De Kjellingen in hiel âld gebiet is. De persoanen boppe op it keunstwurk symbolisearje de âlders dy't harren bern oan De Kjellingen tabetrouwe foar soarch, oandacht en begelieding.
In prachtige útlis. Letter sil oan dit stikje noch in bydrage fan Doarpsbelang taheakke wurde.
-
-
- Informatie
- 18 mei 2025
DVBA te gast in Eastermar
Afgelopen weekend kreeg Eastermar bezoek van de DVBA (Dutch Veterans Bikers Association). Een landel... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 mei 2025
Willem Wiersema eerst zilver, later goud op WK zeilen!
Update 11.40 uur: door een wijziging achteraf in de derde wedstrijd staat Willem Wiersema nu eerste... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze »