Fan de 21 kearen (yn 35 jier) dat de priis útrikt waard wie it no foar de fyfde kear dat in pân yn Eastermar de priis wint. De pleats 'Nieuw Stedma' oan de Grote Hornstweg 16 is troch de sjuery (mei û.o. Peter Karstkarel) oanrikkemandearre om dizze oanmoedingingspriis oan ta te kennen. Evert Tuinstra, foarstitter fan de Stifting Karakteristyk Tytsjerksteradiel, hat op freed 27 septimber dizze priis yn in gearkomste op de pleats útrikt oan de eigner fan it pân: de Wiersma Reitsmastichting. De hear Rijpma, bestjoerslid en rintmaster fan dizze stifting en tige wiis mei de takenning, naam de priis yn ûntfangst. De priis bestiet út in gevelbuordsje en in bedrach fan € 500,-. Dit bedrach is beskikber steld troch sponsor Wijmenga fan Burgum. De takenning fan de priis is altyd achterôf. Dat komt wat betiizjend oer mar it giet yn dit gefal dus om de Karakteristykpriis 2012.

Utrikking Karakteristyk Priis
Links Evert Tuinstra fan St. Karakteristyk Tytsjerksteradiel, rjochts Jappie Rijpma fan de Wiersma Reitsmastichting

Boubedriuw Swart hat it restauraasjewurk dien oan de bûtenkant en oan de konstruksje fan de pleats. It bedriuw is fansels tige grutsk, want ek foar harren is it in grut komplimint. De sjuery wie fol lof oer de sekuerens wêrmei't it wurk útfierd is. De konklúzje fan it sjueryrapport is te lêzen op www.bouwbedrijfswart.nl.

Karakteristykpriis Tytsjerksteradiel

2012, It jier fan de priistakenning, komt ek nochris hiel moai út want de pleats 'Nieuw Stedma' is dan presiis 100 jier âld.
Siep Swart wyt noch in aardich detail te fertellen oer de bou fan it pân, mei om't syn heit hjir noch oan meiwurke hat. It foarhûs is justjes heger as dat fan de pleatsen op de Seadwei 6 en 8. In teken om oan te jaan dat de eigner tige bêst buorket. Ek it metalen plafond yn de opkeamer (hiel seldsum) en de metalen lambrisearring yn de gong binne dêr in utering fan.

metalen-plafond
Detail fan it metalen plafond (net restaurearre)

De 5 pânen yn Eastermar dy't de Karakteristykpriis Tytsjerksteradiel (of in part dêrfan) oan no ta krigen hawwe, binne resp. it Wâltsje 7 (1982), Seadwei 6 (1985), 't Wâltsje 23 (2000), Wytfeansterwei 8 (2005) en no dus Grote Hornstweg 16 (2012).
Boubedriuw Swart út Eastermar hat de restauraasje útfierd fan priiswinnende pânen oan 'e Seadwei 6 yn Eastermar (1985), 't Wâltsje 23 yn Eastermar (2000), Achterweg 5 yn Sumar (2001), Sigerswâld 15 te Garyp (2006) en no dus Grote Hornstweg 16 (2012).

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: