De stichting Rom Paad yn Eastermar leit op in perseel tusken it bedriuweterrein fan Boubedriuw Swart en de nije wenten fan it útwreidingsplan in fruithôf oan mei de namme
Blauhûsbosk.
De start fan dat projekt fynt plak by it boubedriuw Swart oan de Grote Hornstweg op tiisdeitemoarn 16 desimber n.k. tusken 9.00 o. en 11.00 o.
Dizze ‘iepening’ sil ferrjochte wurde troch de direkteur fan WoonFriesland, de rintmaster fan de Wiersma Reitsma Stichting en in fertsjintwurdiger fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Boubedriuw Swart is útfierder fan it útwreidingsplan en is tiisdei ‘gasthear’.
De frijwilligers fan Rom Paad kinne dy moarn útlis jaan oer it hoe-en-het fan it projekt Blauhûsbosk dat in buffer foarmet tusken bedriuweterrein en wentebou en kin yn ‘e takomst de Eastermarders fan sûn en farsk fruit foarsjen.

Stichting Rom Paad

blauhûsbosk

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: