It heechhout dat tagong biede sil fan de Blauhûskamp ôf nei it fruithôf Blauhûsbosk is freedtemiddei 6 maart oerdroegen oan de Stichting Rom Paad. De oerdracht fûn plak yn de wurkpleats fan de Stichting Takomst Bouwers Friesland (TBF) yn Ljouwert. Dizze – op de praktyske foarming foar jonge boufakkers rjochte stichting – hat in relaasje mei boubedriuw Swart oan ‘e Grutte Hoarnstwei. Taeke Offringa fan boubedriuw Swart hat de Rom Paad-fraach foar de bou fan it heechhout trochspile oan TBF.

It spesjale fan de freedtemiddei wie dat doe ek de útslach bekend makke waard fan in timmer- en mitselwedstriid. It aardichste wie dat de opdracht foar de timmerdielnimmers wie om in ferlytse ferzje fan it Eastermarder heechhout in mekoar te setten. Ek de mitselopdracht hie in Eastermarder sauske, want dy opdracht wie formulearre troch boubedriuw Swart. Beide groepen setten tongersdeitemoarn al útein en sa koenen de dielnimmers, opdield yn groepen fan twa wurkers, der twa dagen oan arbeidzje. 

Freedtemiddei om 15.30 o. moasten de groepen stopje en kaam de sjuery lâns foar de beoardieling fan it wurk. Om 16.00 o. wie de útslach en waarden de trije beste groepen by sawol timmerjen en mitseljen de prizen útrikt.

Krekt dêrfoar hie Rom Paad-foarsitter Gearte Leistra in wurdearjend wurd nei de TBF-lieding en de heechhout-gearstallers útsprutsen. Oan it oanwêzige publyk, sa’n 60 persoanen foarmen har gehoar, fertelde hja wat it doel fan ‘e stichting Rom Paad is en hoe’t it heechhout syn plak by de fruithôf krije sil. It wurdt in ûnmisbere skeakel yn it Stedmapaadtrajekt. 

Der wurdt noch neitocht oer de wize fan ferfier fan it heechhout nei Eastermar, de pleatsing fan de brêge en de datum fan it offisjeel yn gebrûknimmen. Wol is al besletten om it heechhout de namme Bosma-Brêge te jaan as earbetoan oan Elle Bosma (1940 - 2022) dy ‘t oan ‘e widze fan ‘e Stichting Rom Paad stie.

Bestjoer St. Rom Paad

f1

f3

f4

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: