Op de side fan de gemeente Tytsjerksteradiel is te lêzen dat de belangstelling foar de nijbou-wenten yn Eastermar tige grut is. Grutter sels as lêsten yn Hurdegaryp. Foar ús, Eastermarders, is dat fansels net frjemd...
Foar de seis boukavels binne der 37 gadingmakkers. Kommende tongersdei 5 novimber sil notaris Dantuma lotsje.
Foar de yn totaal seis keapwenten is der belangstelling fan mar leafst 62 kandidaten. Dat wol sizze: foar de fjouwer starterswenten binne der 32 en foar de oare twa ek noch ris 30! De starterswenten binne al tawiisd.
It moaie is dat hast alle belangstellenden út it doarp komme; it is fansels tige by tige dat Eastermarders blike litte dat se net graach út it doarp wei wolle, en op de nijbou lokaasje in plakje sykje.
UPDATE: De lotting hat freed west. Foar de minsken dy't har nûmer witte: De útslach is hjir te lêzen.
-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -