Fiif jier lyn op 11 maaie waard rekreaasjeterrein de Komerk troch boargemaster Polderman iepene.
Wy binne al wer sa gewoan oan dizze geweldich moaie passantehaven en iisbaan, dat it folle langer liket as dy fiif jier. It buordsje op de Komerk (foto) wurket betiizjend want dêr stiet it jiertal 2006 op. Mar dat jiertal slacht op de ûntjouwing fan de Lits-Lauwersmarrûte sels.
It waar yn 2007 wie al like min as no, it waaide dat it rikke en wy hâlden it dy dei net hielendal droech. Mar al mei al wie it in hiel feestlik barren mei feesttinte, taspraken, muzyk, in samling sleepboaten yn de haven en de oare deis in moarnsbrochje foar passanten en ynwenners.
En ek al hat men sels gjin boat, dochs kinne Eastermarders alle dagen genietsje van dit moaie terrein, want it is sa'n aardich kuierke om de iisbaan hinne. Ek it nije plak fan it doarpsfeest op it Komerkterrein is in boppeslach. Men kin wol sizze dat yn dy fiif jier de Komerk in grutte bydrage levere hat oan it positive imago fan Eastermar. De harkers fan Omrop Fryslân wienen foarich jier fan miening dat de Komerk de moaiste passantehaven fan Fryslân is. In bettere reklame is hast net mooglik.
Noch earder werom wie it de Stifting PAREL dy't de plannen foar de Komerk presintearre op in gearkomste fan Doarpsbelang. Benammen it eilân mei 'strewelleguod' midden yn de iisbaan wie doe in ûnderwerp dêr't noch lang oer neipraat waard...
-
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
Pop De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
Utnûging ynformaasjejûn Iepenloftspul 2026
Ea komt it wetter It begjinYn 2024 siet in groepke doarpsgenoaten noflik byïnoar op it doarpsfeest,... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 april 2025
Voorbereiding pluktún in volle gang
Volop activiteiten op de Iterstún. Het pluktúngedeelte op de Iterstún wordt voorbereid. De biologisc... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 februari 2025
Eastermar is...