Tajûn, it mocht earder ek al net, mar op de fyts de Bûtlansreed del is net mear mooglik. Buordsjes oan it begjin fan de Boarstleane en de Piter Johanneswei moatte toeristen en natuerleafhawwers warskôgje dat men justjes fierderop mei de fyts net fierder kin. Oan beide yngongen fan de Bûtlansreed binne stekjes pleatst, sadat sels ien mei de fyts oan 'e hân der net mear del kin. Dêrmei is de tagong nei ien fan de moaiste stikjes om Eastermar hinne in stik beheinder wurden.
By Doarpsbelang binne al ferskate telefoantsjes binnenkaam oer de sitewaasje, want ek foar minsken dy 't lichaamlik beheind binne of foar minsken mei in bernewein is de tagong no ôfsluten. Doarpsbelang hat der lykwols neat oer te sizzen omdat it gebiet ûnder Steatsboskbehear falt.
Foar hynders is der skynber gjin probleem, de 'paardenstoel' (rûtewizer foar ruters) wiist noch hieltyd netsjes de kant fan de Bûtlansreed út...
(It warskôgingsbuordsje oan de Boarstleane is op dit stuit trouwens ferdwûn.)
Update: Underwilens is der in reaksje fan distriktshaad Arend Timmerman, út namme fan Steatsboskbehear regio Noard, wêryn't te lêzen is wat de reden is foar de beheining fan de tagong ta de Bûtlânsreed. De reaksje is hjirûnder yn syn gehiel te lêzen troch op it SBB-dokumint te 'klikken'.
-
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst) beammenbosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo (l) en Henk (r) gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zull... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 januari 2025
Eastermar is...
...op 'e nij dumpplak foar sexy klean. Yn de Marnijs yn it foarjier fan 2024 stie in wiidweidich art... Fierder lêze »