Ein febrewaris fan dit jier is der in boargerinisjatyf yntsjinne by de gemeente mei it fersyk om de rydrjochting fan it stik E.M.Beimastrj.–Meerzigt om te draaien. Begjin maart hat in tal gemeenteriedsleden him op ‘e hichte steld fan de feitlike situaasje dêr.
Doe hat de gemeenteried op 2 april yn in digitale gearkomste dit boargerinisjatyf besprutsen. It kolleezje fan B&W krige opdracht om it fersyk fan ‘e rom 90 ûndertekeners út te wurkjen en mei in advys nei de ried werom te kommen.
Dat is yn ‘e ôfrûne twa moannen bard en op tongersdei 25 juny sil it positive advys fan B&W behannele wurde troch de gemeenteried. Om't op 2 april de ried yn mearheid posityf wie oer it idee en it advys fan it kolleezje ek posityf is, komt in úteinlik positive útkomst op it fersyk tichterby.
Dan is lykwols de hiele proseduere noch net beslikke, want foar sa’n omsetting fan rydrjochting moat ek noch in ‘Verkeersbesluit’ opsteld, goedkard en 6 wiken op besjen lein wurde. Mocht dit allegearre yn it foardiel fan ‘e yntsjinners útpakke, dan ha wy in rêstich skoft – de kommende hjerst en winter – om oan ‘e nije situaasje te wennen.
-
- Informatie
- 14 februari 2025
Ea Skûtsjejûn
-
- Informatie
- 10 februari 2025
Skûtsje Ea hast wer klear
It herstel fan de skea oan it skûtsje, oprûn by de lêste IFKS-kompetysje yn 2024 op 'e Lemmer, is sa... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
Gezocht Nieuwe Havenmeester
Voor het komende seizoen zijn wij opzoek naar een nieuwe havenmeester.Wat verwachten we: Iemand die... Fierder lêze » -
- Informatie
- 05 februari 2025
EA-Bloeiweek 2025
Na het geweldige succes van Eastermar Bloeit in augustus 2024 zetten we Eastermar opnieuw in bloei i... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze »