Sûnt ôfrûne hjerst makke in tal Eastermarders him soargen oer de minne tastân fan it âld brêgehaad. Der foelen gatten yn, de kademuorre fertoande
grutte skuorren en der wie noed dat der in stik wâlkant samar ynsakje koe. Dat soe gefaarlike sitewaasjes jaan foar minsken op ‘e wâl of skea besoargje oan ‘it doarp Eastermar’ as it skûtsje dêr lei.
Dizze soarch is útsprutsen nei de gemeente en dy hat daliks de saak besjoen. It gefolch fan dat ûndersyk is dat der sûnt ferline wike wakker hurd wurke wurdt om de brêge-ein wer feilich te meitsjen en in better oansjen te jaan. It bedriuw Kuipers Waterbouw Dokkum BV, spesjalisearre yn ditsoarte wurk, is dwaande mei it slaan fan in nije houten wâlbeskoeiïng. Dêrnei sil der om it keunstwurk fan Frans Ram hinne (sitbank mei bôge) op ‘e nij fluorre wurde.
Hoelang’t dit allegearre krekt duorje sil is min te sizzen. Wis is dat it âld-brêgehaad der nei dizze opknapbeurt wer piko-bello hinne leit, sadat mannich fytser, kuierder, toerist èn doarpsgenoat him dêr wer efkes rêstich en feilich deljaan kin.
-
-
- Informatie
- 19 april 2025
Dodenherdenking op 4 mei
Op 4 mei is er weer de jaarlijkse dodenherdenking bij de Ald Toer op it Heechsân. Dit jaar is dat op... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 april 2025
Pop-up camping tijdens Ea Bloeiwike
De leukste en voordeligste vakantie vier je in eigen dorp tijdens de EaBloeiwike (16 – 23 aug)op de... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2025
De Bus MEIVAKANTIE tour komt op 23 april in Eastermar
Beste ouders! Tijdens de meivakantie volgende week organiseert het jongerenwerk weer een bustour! Dit... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 april 2025
1 april mar gjin grap
Hjoed is't 1 april, de dei fan de fiten en grappen. In protte besikers fan eastermar.nl tochten dat... Fierder lêze »