De gemeente hat tongersdeitejûn in foarljochtingsjûn hâlden wat it nije bestimmingsplan foar Eastermar en it Heechsân oanbelanget. Fuortendaliks koe der ek taljochting jûn wurde oer de foarnimmens om nije wentebou te pleegjen. De gemeente is ferplicht ien kear yn de tsjien jier in nij bestemmingsplan te meitsjen.
It nije bestimmingsplan is yn kombinaasje fan ferskate âlde bestimmingsplannen. De gemeente is nammentlik fan doel om it tal bestimmingsplannen te beheinen en dêrom wurde der saken kombinearre.
Der wurdt fuortendaliks de omslach makke nei it digitaal tagongklik meitsjen, sawol foar de gemeente-ambtenaren as foar de boargers fia ynternet. Hûseigners dy 't ferbouwe wolle kinne asen fia ynternet harren eigen hûs oanklikke en sjen wat der foar bepalingen binne, dêr 't rekkening mei hâlden wurde moat.

Op dizze jûn waarden ek de nije kavels foar de doarpsútwreiding foar 't ljocht hâlden. Achter de Boskkamp/Blauhûskamp sil yn 2008 it lân bouryp makke wurde, sa't it no liket. Mar dat hinget ek ôf hoe fluch de ferskate prosedures yn gong setten wurde kinne. Der sille starterswenningen, hierwenningen en wenningen foar de frije sektor komme.
Tegearre mei de nije apparteminten dy 't no bout wurde sille (Klustermar) komt de teller op 42 nije wenten. Mar der giet ek wat ôf want fanwege de komst fan de Klustermar binne der ek in stik as wat hûskes ôfbrutsen.
Yn it nije bestimmingsplan hat skoalle de Bolster in wenbestimming krigen.

nijwenten.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe