Nei in winter en maitijd wurk, giet de Eastermarder haven ‘De Komerk’ it simmerseizoen yn. Nettsjinsteande dat de iepening fan de haven op him wachtsje lit, is it terrein sawat klear foar gebrûk. Eastermarders sille it dan ek grif fernimme, dat hieltiid mear boatsjeminsken it doarp oandogge.

duikplank.jpgDe oanlis fan it hiele haventerrein mei oanlisplakken is ûnderdiel fan it Friese Meren Projekt en Lits-Lauwersmarrûte. Eltsenien sil sjoen hawwe dat der hiel wat feroare is en wurdt op it iisbaanterrein.
Oan de kant fan ‘e Snakkerbourren is de nije wettersportferieningshaven mei 48 plakken. De âlde brêge hawwe de boufakkers ferlingd, sadat dizze wer brûkt wurde koe. Waard it foarhinne noch it Heechhout neamd, de term dûkplanke wurdt ek al brûkt...

Neist in nije doarpshaven is de passantenhaven flink grutter wurden, mei de nedige lúkse. Oeral nije wâlbeskoeiing, elektrisiteit foar de boaten en in foarsjenningsgebouw, dat ek als gearkomsterûmte brûkt wurde kin.
Bedoeling is dat it evenemententerrein yn de midden yn de winter tsjinnet as iisbaan. Op 7 novimber wurdt de pomp oansetten en komt 'it aai' ûnder wetter te stean.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe