Trije fuotballeafhawwers soenen graach in fuotbalkoai op it Harstepaad, njonken de Kjellingen ha wolle. De trije inisjatyfnimmers hawwe dêrom in brief skreaun nei boargemaster Polderman. Der kaam in antwurd fia de jongereinwurker fan St. Welzijn. Arne Mast fan dizze stichting sil de jonges fierder begeliede yn it trajekt om dit projekt realisearje te kinnen. Der moatte bygelyks brieven skreaun wurde nei de skoallen yn de Kjellingen en ek Doarpsbelang moat op 'e hichte brocht wurde fan harren plannen.

Om't de trije mannen, Harm-Tseard Heidbuurt, Enno Benedictus en Richard Brouwer wolris witte wolle hoe't de Eastermarders oer dit plan tinke, woene sy graach in enkête/poll op de Eastermarder side. Der is dus in nije webstimming mei de fraach wat Eastermar fynt fan de evt. komst fan sa'n fuotbalkoai (sjoch rjochterkolom).

Mar wat is eins sa'n fuotbalkoai? It giet om in stikje beton fan 20 by 12 meter. Dêromhine komt in hekwurk mei 'trillingsdempers'. Dy soargje der foar dat de koai lûdsearm wurdt. Yn de koai komt in doel en in basketbalnet. Yn foarbyld is bygelyks te finen yn Heemskerk.

De trije jonges binne fan miening dat it projekt wol kâns fan slagjen hat. Der wurdt sein dat de gemeente de helte wol betelje wol en ek de Kjellingen hat der neffens harren profyt fan. De skoallen kinne de koai ommers ek yn harren pauzes moai brûke. Hoe't de oare finansjele helte op it kleed komme moat hawwe de mannen ek al gedachten oer. Sponsors sykje, in sponsorloop, dat soarte fan dingen...

Image
foarbyld fan in fuotbalkoai

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe