It rint wer nei de ein fan septimber ta, it farseizoen is hast wer dien. Tiid foar havenmaster Albert Kieft om de balâns op te meitsjen. Dit jier binne de sifers ekstra nijsgjirrich omdat de Komerk, mei û.o. de nije passantehaven, yn maaie dit jier iepene waard. De kapasiteit fan it tal boatpassanten dat yn Eastermar oernachtsje kin is dêrmei folle grutter wurden en boppedat soe de opwurdearing fan de Lits-Lauwersmarrûte mear passanten opsmite moatte.

Dat lêste is yndie it gefal. It tal boaten is fergeleken mei foarige jierren mear dan ferdûbble. Dat is foar it doarp, hoareka en middenstân in moai risseltaat. Dochs is de kapasiteit fan ús haven grutter. Der soenen, wat dat oanbelanget, de kommende jierren noch mear skippen dizze kant op komme kinne.

De drokste dei wie fansels mei it Easterbarren. De skippen leinen oerdeis trije-dik yn de haven. Foar de nacht binne doe 42 skippen lizzen bleaun.

Wa 't de sifers bestudearje wol fan de lêste seis jier, kin de PDF mei de details delhelje:

pdf passanten-de-Komerk 586.76 Kb

Image

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe