It hie tongersdeitejûn de tritichste maart wol wat fan in reuny. Manmachtich kamen ynwenners en (âld)learlingen ôf op de iepen jûn fan de Balsemyn. Noch ien kear mar ris efkes binnen sjen foardat fanôf maaie de sloper syn wurk dwaan sil.
Yn de lokalen leine fotoboeken dêr't men fuortdaliks op ôf stoarme en sawat de hiele jûn yn sjen bleau. Mar der wiene ek fideofilms te sjen oer bysûndere gebeurtenissen út it ferline.
In reaksje dy't justerjûn faak te hearren wie, wie: ,,Wat skande dat dit moaie skoallegebou ferdwine moat." Mar it is net oars, fanôf maaie sil it gebou sloopt wurde en sil der hurd wurke wurde oan it nije ûnderkommen. Op 24 april sille de learlingen yn in 'lawaaioptocht' it boerd fan de skoalle nei it needûnderkommen op de Blauhûskamp bringe, sa sille hja ôfskie nimme fan 'harren' Balsemyn.

balsemyn-afscheid1.jpg

balsemyn-afscheid2.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe