IMG 20200601 WA0003

Ein febrewaris fan dit jier is der in boargerinisjatyf yntsjinne by de gemeente mei it fersyk om de rydrjochting fan it stik E.M.Beimastrj.–Meerzigt om te draaien. Begjin maart hat in tal gemeenteriedsleden him op ‘e hichte steld fan de feitlike situaasje dêr.
Doe hat de gemeenteried op 2 april yn in digitale gearkomste dit boargerinisjatyf besprutsen. It kolleezje fan B&W krige opdracht om it fersyk fan ‘e rom 90 ûndertekeners út te wurkjen en mei in advys nei de ried werom te kommen.

Dat is yn ‘e ôfrûne twa moannen bard en op tongersdei 25 juny sil it positive advys fan B&W behannele wurde troch de gemeenteried. Om't op 2 april de ried yn mearheid posityf wie oer it idee en it advys fan it kolleezje ek posityf is, komt in úteinlik positive útkomst op it fersyk tichterby.

Dan is lykwols de hiele proseduere noch net beslikke, want foar sa’n omsetting fan rydrjochting moat ek noch in ‘Verkeersbesluit’ opsteld, goedkard en 6 wiken op besjen lein wurde. Mocht dit allegearre yn it foardiel fan ‘e yntsjinners útpakke, dan ha wy in rêstich skoft – de kommende hjerst en winter – om oan ‘e nije situaasje te wennen.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen