It yntsjinne boargerinisjatyf ‘Oanpassing rydrjochting E.M.Beimastrjitte’ wurdt tongersdei 2 april behannele yn ‘e gemeenteried. Opsteller fan it fersyk ta oanpassing rydrjochting foar it autoferkear, Wijbe Postma, sil as ynsprekker it stik taljochtsje. Dat bart op digitale wize, want de riedsgearkomste wurdt net yn it gemeentehûs hâlden. De riedsleden nimme thús diel oan it oerlis. Dat hat fansels te meitsjen mei de ‘coronamaatregels’ dy’t ek foar de gemeenteried jilde. De riedsgearkomste is te folgjen op RTV Kanaal 30. De krekte tiid en wurklist binne op ‘e site fan ‘e gemeenteried te finen.
It boargerinisjatyf is stipe troch dik 90 Eastermarders en oare belanghawwenden.

ALB 3456

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen