Sûnt dizze wike is oan it begjin fan de Mâlewei it ‘Durkje-bankje’ te finen. In plakje om te bekommen. Om te harkjen nei de lûden fan fûgels, ynsekten of kij. De rook op te snuven fan de Fryske Wâlden. En miskien noch ris werom te tinken oan dy aardige, beskieden, mar bysûndere Eastermarder frou, dy’t sa tragysk om it libben kaam troch in ûngelok mei in grutte frachtwein. Want wa’t eartiids de Mâlewei omkuiere trof faakris Durkje Brander mei har hûntsje Sara. 

De tekening fan Rienk Vlieger dy’t ûnder it gedicht oer Durkje stie, is hjir werom te finen, ynbaarnd yn it hout fan it ‘Durkje-bankje’.

Mei tank oan de famylje Boersma en Allard Tadema dy’t de realisaasje fan it bankje op dit bysûndere plakje mooglik makke hawwe.

It Durkje-bankje

 

it Durkje-bankje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe