Tiisdei 4 novimber wie der yn Koatstertille in ynformaasjejûn oer de situaasje Skûlenboarch: de ûntsluting en de brêge. Wim Boogholt fan de provinsje fertelde dat de Tilster brêge in hichte kriget fan 7.20 mtr en de measte skippen kinne dêr wol ûndertroch. It is bedoeling dat op Skûlenboarch in selde draaibrêge komt as yn Stroobos mei in ûndertrochgong fan 3 mtr. Heger dus as dy fan no. De nije brêge komt oan begjin en ein 30 sm heger te lizzen, hy wurdt heger foar mear frije trochfeart en de breedte bliuwt gelyk.

De brêgen fan Burgum en Skûlenboarch sille yn de selde snuorje fernijd wurde en de ferwachting is dat beide tusken 2017 en 2020 klear binne. It like de oanwêzigen yn ferbân mei de te ferwachtsjen ferkearsoerlêst praktysker om earst de nije ûntslutingswei oan te lizzen. Der is tasein dat de ûntsluting fan it bedriuweterrein nei Koatstertille yn 2015 syn beslach krije sil!

De hjoeddeistige brêge op Skûlenboarch is yn in erbarmlike steat en der moatte tydlike maatregels nommen wurde. It ferkear mei aanst 20 km en de tastiene asdruk wurdt 24 ton wylst it totaalgewicht net mear wêze mei as 35 ton.
De rydbaan wurdt ferlein nei it midden fan de brêge en auto’s sille mekoar net mear passeare kinne. Der sille dus spesjale ferkearsmaatregels nommen wurde moatte. Ferkearsljochten binne gjin opsje: te djoer om’t der dan in buis troch it kanaal moat. En elektroanyske oanstjoering stoart de skipsapparatuer.
De bedriuwen wurde yn it oerlis belutsen. It is mooglik om mei in ûntheffing de frachtweinen swierder te beladen.

De boeren en bedriuwen kinne der net as fanselssprekkend fanút gean dat hja kompinsearre wurde as hja omride moatte. Alle ritten fêstlizze en dokumintearje dus en miskien binne der yn guon gefallen mooglikheden.

Healwei desimber wurdt der wer in ynformaasjejûn organisearre en dan sil der antwurd komme op de spesifike fragen fan dizze jûn. 

images

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe