De kommende tiid sil der oan de brêge wurke wurde yn ferbân mei it oanbringen fan kabels, ferbiningen en kamera's. Dit bart allegear omdat de betsjinning fan de brêge oer de Lits aanst fanút Skûlenboarch regele wurde sil.

Fan 16 april oant 31 maaie is men dermei dwaande en sil it autoferkear hinder ûnderfine kinne. Op 27 april moat men sels rekkening hâlde mei wachttiden.

De boatsjeminsken dy 't gewoan ûnder de brêge trochfarre kinne, sille gjin lêst hawwe fan de wurksumheden. De oare skippers moatte der op rekkenje dat de brêge fan 21 oant en mei 25 maaie net omheech kin.

Image
'It wachtsjen wurdich'

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe