"Ik haw op ien moarn noch nea safolle kofje set", fertelde ien fan de twa brêgewachters.
De belangstelling foar de iepen dei fan it nije betsjinningsgebou by de Skûlenboarger brêge wie boppe ferwachting. Foar tolven hienen al mear as hûndert belangstellenden útlis krigen oer de gong fan saken yn it gebouke, mei wiid útsicht oer it PM-kanaal.
Fan dit plak ôf wurde op dit stuit de brêgen fan Skûlenboarch en Strobos betsjinne. Yn in letter stadium komme de brêgen fan Burgum, Blauforlaet en Eastermar der noch by.
Oerdeis binne it sa'n 80 frachtskippen dêr 't de brêge foar iepen moat. Nachts moat de brêgewipper ûngefear 20 kear yn aksje komme.

Image
In frachtskip meldt him by de brêge fia de marifoan


Simmerdei sille trije man oan 't wurk moatte om alle fiif brêgen yn de gaten te hâlden.
Eastermar sil kommende maitiid oansluten wurde. Foar 1 juny moatte de bernesykten der út wêze, oars kinne wy better wachtsje oant nei de simmer, waard útlein.
De feroaring hat foar de boatsjeminsken by de Eastermarder brêge ien grut foardiel: de brêge kin fan moarns betiid oant jûns let draaie, der wurdt gjin skoft mear hâlden. Op in simmerjûn let noch even de Leyen op, dat kin dan gewoan.
It persoanlike is der wol wat ôf, mar, seit in brêgewachter: "Jimme kinne wol even in hân opstekke nei de kamera, dat sille wy seker wurdearje!"

Image
De skipsbewegingen wurden fia monitoaren yn de gaten hâlden

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe