De wurkgroep fan Theater Meerzigt is al in pear jier dwaande mei teater yn Eastermar. De list mei lytse en grutte nammen dy't yn Eastermar in foarstelling fersoarge hawwe, wurdt hieltyd langer en de foarstellings binne gauris útferkocht.
It Theater hat de ambysje net allinne foar minsken út it doarp fan betsjutting te wêzen, mar ek foar dy yn 'e omkriten. Dêrfoar is publisiteit nedich. Earst wiene der al posters en flyers. Mei it Easterbarren waard in teateraginda útdield mei it folsleine programma foar it seizoen 2010-2011. Dat wie in boppeslach want der kamen ynienen folle mear reservearrings.
De folgjende stap is in eigen webside en dy is juster, ear't Nanne en Ankie úteinsetten mei harren foarstelling, presintearre oan it oanwêzige publyk fan Theater Meerzigt. It adres fan de nije side is maklik te ûnthâlden: www.theatermeerzigt.nl.

Op de nije side binne alle foarstellings te finen, sawol de nije as, yn it argyf, de âlde. Wannear 't men belangstelling hat foar in foarstelling, dan kin der fuortendaliks reservearre wurde fia de side. Fierders binne der noch oare aardige dingen te finen, lyk as teaternijs, it 'Theatermenu' yn de mande mei Herbergh de Parel en oare ynformaasje. Om ynsicht te krijen yn de belangstelling fan it publyk kin men stimme op ferskate kulturele uteringen.
De wurkgroep fan Theater Meerzigt is tige wiis mei de nije side, benammen it automatisearjen fan de reservearrings skeelt in protte wurk.

Op 13 novimber is der wer in foarstelling, dizze kear fan it Nederlands Komedie Theater.

theatermeerzigt

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe