De Feriening Doarpsbelang Eastermar wol mear omtinken jaan oan kultuer yn en om ús doarp. Ien fan de ideeën wie om in ynfopaniel te realisearjen mei ynformaasje oer d'Ald toer op it Heechsân.
Op dizze wize kinne passanten, toeristen en eigen ynwenners mear te witten komme oer de skiednis en funksje fan dizze bysûndere toer. De fitrine hat in moai plakje krigen njonken it, ek al bysûndere, tagongsstek.

De ûntbleating waard dien troch de foarsitter fan Doarpsbelang, Feike Hamstra, tegearre mei bestjoerslid Brechtje Algra.
Twa Eastermarder bedriuwen hawwe harren dwaande hâlden mei de realisaasje. Bouwbedriuw Swart hat soarge foar de fitrine en Studio Staalkaart foar it grafysk ûntwerp. De ynhâldlike ynformaasje op it paniel is fersoarge troch Doarpsbelang yn de mande mei de Eastermarder tsjerke.

Dyjingen dy't oanwêzich wiene by de ûntbleating wiene wakker tefreden oer dit ynisjatyf én it risseltaat.
Wa't it paniel mei eigen eagen sjen wol, moat by d'Aldtoer mar efkes ho hâlde.

ynfopaniel1

ynfopaniel2

ynfopaniel3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe