- Kategory: Doarpsûntwikkelingen
- Publisearre: 29 september 2010
Brêge nei it Wetterboartersplak
It Eastermarder wetterboartersplak 'De Kletspoat' dat 16 juny iepene is, is sûnt juster no noch moaier tagonklik makke.
In prachtige houten brêge is te plak takele en jout in echt eilângefoel oan de berne-trekpleister. Oannimmer C. van den Adel fan Burgum hat de brêge te plak lein.
Spitich dat it waar de kommende perioade net echt útnoeget.... Mar miskien mei in pear moanne foarsichtich reedride?
Op de foto's Van den Adel dwaande mei it pleatsen fan de brêge.
Â
Â