×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Lang om let is men der út: de Komerk wurdt asfaltearre.
Dit is it resultaat fan oerlis tusken Stifting de Komerk, Doarpsbelang en de gemeente.
It idee is net nij, mar troch de ûnderfinings mei de wetterhúshâlding, it fol- en leechrinne litten fan de iisbaan, problemen mei de drainaazje, ensfh. hat men besluten dat asfaltearje dochs wol dé oplossing is.
Dêrmei is in nije skeelerbaan foar Eastermar in feit en kin der wer in nij barren oan de rige taheakke wurde, want foar skeelerwedstriden is de Komerk aanst ideaal.
Ek komme der ekstra fasiliteiten foar campers sadat, neist de boatsjeminsken, ek dizze toeristen genietsje kinne fan ús moaie doarp.
Foardiel is ek dat de iisbaan winters earder beskikber wêze sil, want it wetter hoecht minder heech te stean sadat de baan gauwer beferzen is.
Wol sil der in hoeke gers oerbliuwe foar frije rekreaasje hat de gemeente tasein. Dêrmei wie it beswier fan Doarpsbelang tsjin it plan fan tafel.


Takom tongersdei 1 april sil Brouwer & Brouwer mei it wurk út ein sette.
1-april

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe