De toeriste-ynformaasjepost is ferhuze en is no te finen by Hamstra's Groenten & Fruit oan de E.M. Beimastrjitte 53.
Nei 10 jier lang de folderpost yn behear hân te hawwen, hat de famylje Tjoelker oan it bestjoer witte litten dat sy graach it stokje oerjaan wol. De feriening foar Toeriste-ynformaasje Eastermar (TIP) hat doe om har hinne sjoen en besluten dat Jannes Hamstra de perfekte opfolger is. Jannes hat de útdaging oannommen en in plakje foar de toeristen yn syn winkel ynromme. Op 1 april hat de offisjele oerdracht plakfûn. Foarsitter Fokke Benedictus lit witte dat it bestjoer tige grutsk is op de nije folderpost. Boukje Tjoelker ûntbleate in nij boerd, dat makke is troch Nynke de Jong fan TIP en dat yn de etalaazje fan Jannes Hamstra hinget. Fansels winske frou Tjoelker opfolger Jannes Hamstra in protte súkses en wiene der lokwinsken en blommen fan de OVE, it bestjoer fan TIP en de Greideroas.
In fierder ferslach fan de oerdracht sil te lêzen wêze yn de BREEDút fan april.

Oerdracht ynformaasjepost Eastermar

De nije ynformaasjepsot

{jomcomment}

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe