Wethâlder Houkje Rijpstra hat op moandeitemoarn 17 desimber in ZAP-spjelde útrikt oan û.o. twa Eastermarder ZAP-pers (ZAP stiet foar Zwerf Afval Pakkers).
Hielkje Hamstra en Detsje Swart wienen nominearre foar dit earbetoan om’t hja op frijwillige basis har omjouwing frijhâlde fan rommel en ôffal.

It inisjatyf om ZAP-pers yn it sintsje te setten giet út fan de Feriening fan Nederlânske Gemeenten, it Ministeary fan VROM en it bedriuwslibben.
Neist de spjelde krigen de Eastermarder dames -en de nominearren út oare doarpen yn de gemeente- in lúkse útfiering fan in foerpakket om fûgels by te fuorjen yn gefal fan in strange winter. (Foto's: ôfdieling kommunikaasje T'diel.)

-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »