It wie in bytsje feest tongersdeitemoarn 23 july yn ús doarpssuper: de Fryske flagge út, kofje en tee stie klear en ek wie der gebak. Want nei twa mislearre pogingen – ien yn april troch de strange koroanaregels en ien ein juny troch in ferkearsopstopping – kaam de kommisaris fan ‘e Kening dochs op besite.
Drs. Arno Brok woe by dizze wurkbesite graach op ’e hichte steld wurde fan hoe’t it der yn de iennige folslein Frysktalige supermerk fan Fryslân om en ta giet. Hy waard mei kofje en oranjekoeke ûntfongen en krige útlis oer hoe’t dit projekt ta stân kaam en mei help fan ‘e Afûk stal krige. De kommisaris hie him goed taret op ‘e besite, want hy wist al in soad fan Sjouke en Sippy Wijnsma. Hy wie fol lof oer dit inisjatyf en yn in Twitterberjocht rôp de provinsje oare supermerkhâlders yn Fryslân op om dit nijsgjirrige idee op te folgjen!
Sippie toande har in echte gastfrou: hja skikte de sjauffeur, dy’t yn ‘e tsjinstauto sitten bleaun wie, ek in bakje kofje mei oranjekoeke ta. En Sjouke soarge derfoar dat kommissaris Brok net mei lege hannen yn it Provinsjehûs werom kaam. De heechste provinsjebestjoerder krige in tas mei hearlike streekprodukten mei.



Foto's : Tjitske Wijnsma
-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard KempenaarFanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 04 februari 2026
Eastermar is...
...koade read. It bart net faak, waaralarm koade read. Minsken dy't om healwei sânen noch leinen te... Fierder lêze »