Doarpsgenoat Swaan Postma-Vondeling is dit jier winner wurden fan it Grut Frysk Diktee 2008. Mei mar 8,5 flater wie hja de bêste fan de 27 betûfte dielnimmers.
It diktee wurdt om de twa jier organisearre troch de mienskiplike Dikteekommisje fan de Afûk, it taalsintrum Frysk fan it Cedin, de Fryske Akademy en It Fryske Boek. It waard ôfnaam yn de steateseal fan it Provinsjehûs.
Swaan Postma hie yn 't foar tocht dat sy yn de middenmoat einigje soe en wie tige ferrast dat hja de winner wurden wie, sa fertelt sy yn in ynterview mei Omrop Fryslân Radio. Aardich om te witten is dat dy selde omrop Swaan Postma de titel 'doarpsskriuwster' jûn hat. Lêzers fan de BREEDút wisten dit al folle earder fansels.
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 januari 2021
Marieke Bron yn Hea!
Regelmjittich fynt Omrop Fryslân it paad nei Eastermar foar in nijs-item. Dizze kear stiet de sportr... Fierder lêze »