“Soenen jo wol in pear fragen beäntwurdzje wolle oer dizze winkel, mefrou?” frege it alderaardichste frommeske by de doar.
Ach wol ja, wa soe ‘nee’ sizze as it giet om ús eigen doarpswinkel? Hoewol… in péár fragen? In hiel boekwurk kaam der oan te pas, mei fragen oer de tsiis, de bôle, de yochert, it fleis: it hiele assortimint moast beöardiele wurde op farskens, datum, ferpakking, opstelling fan ‘e produkten, foarried, ensfh. Ek de klantfreonlikheid, de parkearplakken, de berikberheid, de tagonklikheid en neam mar op, moasten in sifer krije.
Yn ‘e winkel en de personielsromte sieten in stik of wat klanten mei ynmoed te switten op krityske antwurden. Want jo kinne wol oeral in krúske sette by ‘uitmuntend’, mar dêr sille professionele sjueryleden net yntraapje! It wie dus wol even sykjen wêr’t it ek wol mei ‘goed’ ta koe…
As beleanning krigen de pleatslike sjueryleden in doaske mei sûkelade.
En no mar ôfwachtsje. It bliuwt noch wol even spannend.
-
- Informatie
- 23 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 mei 2025
Oproep voor vrijwilligers stempelposten
(Martijn is de jongerenwerker voor Eastermar) Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 mei 2025
Foto's en útslach EA-Run 2025 online
Likernôch 1000 foto's stean der fan de EA-Run online, makke troch fotografen Erwin Lap en Jan Kooist... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 mei 2025
Eastermar is...
...de keunst fan it skatsykjen. Oftewol geocaching; foar guon minsken in moaie hobby. De meast fanat... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 juni 2024
Dorpswinkel
Beste dorpsbewoners, Onlangs verscheen er een artikel in de dorpskrant betreffende sluiting van de su... Fierder lêze »