Fannemoarn om likernôch healwei achten wie it al drok by Sjouke en Sippie foar de winkeldoar. In groep minsken stie dêr klear om it team fan Omrop Fryslân te ûntfangen, om as ferrassing Loltsje van der Zee fan ’e Skoallestrjitte in Omrop Fryslânlintsje op te spjeldzjen. Willem en Anne Veenstra hiene dizze aksje op poaten set. Sy hearden fannewike op 'e radio de oprop foarbykommen om minsken foar te dragen foar in lintsje. Neffens harren hie Loltsje sa’n lintsje mear as fertsjinne om’t sy in hiele protte foar it doarp en de mienskip docht en dien hat. Sa sit Loltsje û.o. yn it bestjoer fan Passage, is hja âlderling yn ’e Protestantse Gemeente, is drok as frijwilliger yn ’e nije tsjerke, makket se diel út fan in protte kommisjes deromhinne en set se har yn as doarpsgids.
Op persoanlike titel kin ik sizze dat Loltsje as (ús) mem en beppe it ék noch oprêdt om altyd foar ús klear te stean! Foar Omrop Fryslân wie dizze opsomming mear as genôch om it inisjatyf fan Willem en Anne op te pikken en de omrop liet witte dat syn minsken hjoed om healwei achten yn Eastermar wêze soene. Loltsje soe in lintsje krije fan ’e Omrop!
Om kertier foar achten hinne binne wy yn optocht de Skoallestrjitte delgien. De bus fan Omrop Fryslân foarop en sa’n 15 minsken der efteroan. By Loltsje op it paad moasten we wachtsje oant de live-útstjoering safier wie dat 'wy derynkomme koene'. Spannend fansels want Loltsje moast neat fernimme... En doe wie it safier. Anne belle oan en dêr kaam Loltsje by de doar. Alhiel ferbjustere fansels. Want dêr stiene twa sjoernalisten en in hiele kloft minsken foar de doar! Yn ’e hûs waard har dúdlik wêrom’t eltsenien der wie en hat it offisjele opspjeldzjen plakfûn. Ek krige hja der noch in oarkonde by. En doe wie der kofje mei gebak. It duorre mar eefkes en doe gie de telefoan ek al. Fansels hiene minsken it foar de radio heard en kamen der rûnom felisitaasjes wei. Prachtich! Understeande foto’s jouwe in yndruk fan de 'happening'.
Loltsje sels moast earst eefkes bekomme fan alles. Sy wist fan neat en it oerfoel har allegear wol wat. Mar doe’t ik har tusken de middei belle om efkes te hearren hoe’t hja der no op werom seach, sei se: “It hie net hoegd, mar dit wie geweldich fansels! En ik bin der hiel bliid mei!”
Wietske van der Zee
Harkje nei de reportaazje op Omrop Fryslân Radio (Even trochscrolje nei ûnder foar de repo mei Loltsje van der Zee.)
-
- Informatie
- 13 december 2024
Brug Skûlenboarch weer open voor verkeer
Het heeft bijna een jaar geduurd, maar de brug over het Prinses Margrietkanaal bij Skûlenboarch is d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 december 2024
Subsidieregeling Samenleving Tytsjerksteradiel 2025 opengesteld
Wilt u subsidie voor komend jaar, voor activiteiten op het gebied van cultuur, sport of samenlevings... Fierder lêze » -
-
-
- Informatie
- 08 november 2021
Eastermarder yn de top fan de WK Laser Standard-silerij
By it hurdsilen komt ús eins mar ien namme fuortendaliks yn ’t sin: dy fan Marit Bouwmeester fan War... Fierder lêze »