Jûn, moandei 25 maaie, komt Omrop Fryslân wer yn Eastermar om opnames te meitsjen foar it programma Hea! Diskear giet it om de útwikselingsstudint Rodrigo Rojas dy't mei de ynternasjonale útwikselingsorganisaasje AFS in jier yn Eastermar by Floor, Antsje en Ary Schoenmakers wennet. Rodrigo hat dit ôfrûne jier fuotballe by de B's fan VVE. Moandei 25 maaie is de lêste kompetysjewedstriid fan de B's en om't Rodrigo 11 july wer werom giet nei Bolivia, is dit syn lêste wedstriid foar VVE. Hea! krige dit te hearren en it like har aardich ta en meitsje hjir in item fan. Dizze wedstriid tsjin BVC út Burgum einige yn in 4-2 oerwinning foar Rodrigo en syn tiimgenoaten. In pear minuten foar it lêste fluitsinjaal krige Rodrigo in publykswiksel en krige er fan trainer Haaye Hoeksma en oanfierder Jille v.d Wal it shirt mei nûmer 6, dêr't hy it hiele jier yn spile hat, oanbean. De útstjoering sil wêze of op tongersdei of op freed.
Foto's: Antsje Schoenmakers
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze »