De minsken fan...

Information
Publisearre: 08 december 2020 | Kategory: De minsken fan
E.M. Beimastrjitte history media

Flaggen healstôk foar Rienk Talstra

It wie in apart gesicht yn de Beimastrjitte; de flaggen healstôk yn kombinaasje mei de kryststrjitferljochting. Mar neffens de regisseur fan Andere Tijden, Paul Ruigrok, wie it gjin probleem. “De útstjoering sil pas ein oare jier plakhawwe dus dan rint it ek al wer nei de Kryst. Dan is’t hiel gewoan om op byld krystferljochting te sjen”, neffens Ruigrok.

De hiele moarn hawwe der opnamen west foar it skiednisprogramma Andere Tijden nei oanlieding fan it drama dat him yn 1949 ôfspiele. Yn dat jier kaam Eastermarder Rienk Talstra yn Yndonezië om it libben troch in trekbom. Dat wie yn de tiid fan de polisjonele aksjes. It folsleine doarp wie fan slach. Doe’t it slimme nijs yn Eastermar bekend waard, hongen de minsken yn it doarp de flagge healstôk. Omdat dêr gjin byld fan bestiet, bart dat no op ‘e nij. As earbetoan oan Rienk Talstra en as ferrassing foar syn suster Sjoukje Talstra. Sy hie by de opnamen in haadrol en fertelt yn it programma hoe’t de húshâlding, doe wenjende op ‘e E.M. Beimastrjitte 50, it drama belibbe hat. Ek bringt sy in besite oan it monumint dat oprjochte is foar Rienk Talstra, foar it BetterSkip oer.

Mei tank oan de bewenners fan de E.M. Beimastrjitte foar de meiwurking. Presintator Hans Goedkoop fûn it yn yndrukkend byld mei al dy flaggen yn de strjitte.

------

Hjirûnder de neikommende reaksje fan de regisseur Paul Ruigrok:

Beste inwoners van Eastermar, in het bijzonder de bewoners van de E.M. Beimastrjitte,

Afgelopen dinsdag waren wij in jullie (prachtige) dorp om opnames te maken voor een tv-serie over Nederlands-Indië, waarin we onder andere het verhaal willen vertellen van Rien Talstra, die in 1949 sneuvelde op Java. We hadden gevraagd of jullie de vlag zouden willen uithangen. Eerlijk gezegd hadden we geen idee of er iemand aan dit verzoek zou willen meewerken. Het was op een korte termijn, en het kwam ook nog eens van een volkomen onbekende. Misschien hangen er drie, vier vlaggen, dachten we vooraf. Maar toen we aankwamen keken we onze ogen uit, de hele straat hing vol. Het was een prachtig gezicht, en we hebben volop kunnen filmen. Daarvoor wil ik jullie heel erg voor bedanken.
Voor Sjoukje Talstra, de zus van Rienk, was het helemaal een verrassing. Ze wist van niets, en ze was zeer geroerd. Voor haar was het een eerbetoon aan haar overleden broer.Het zal nog even duren voordat deze opnames op tv zijn te zien, dat wordt na de zomer van volgend jaar. Ook hier heeft Corona voor grote vertragingen gezorgd.

In protte tank,

Met vriendelijke groet,

Paul Ruigrok
Redactie Andere Tijden

opnamen Andere Tijden

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich:

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!