Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it allegearre. Jan syn heit, wethâlder Atse Atsma, iepene de earste feemerk fan Eastermar. En sûnt dy tiid wie it in kombinaasje dy't net mear los fan elkoar te sjen wie. Gjin doarspfeest sûnder diskemerk, loads of feesttinte. Gjin diskemerk sûnder feemerk. En gjin feemerk sûnder Jan Atsma.
Allegearre opset troch minsken út de agraryske sektor - feehannel, entûsjaste Eastermarders fansels - ta in prachtig barren! Noch alle jierren in grut sukses. De feemerk groeide út ta de grutste mingde jiermerk fan Fryslân; hjir wiene mear as allinne hynders te besjen. Oant de MKZ-krisis om de hoeke kaam te sjen, wiene der kij, hynders, skiep en allerhanne lytsfee. Eastermar wie fan alles fersjoen: feehanneler Lammert van der Lei foar de oanfier, Douwe Brouwer, as ynkeaper fan Brada, foar de ôffier, Eastermarder boeren en Leanbedriuw Brouwer mei trekkers en weinen regelen hast alles. Mar alles ûnder tafersjoch fan 'Marktmeester' Jan Atsma. Der ûntgie him neat, toutsjes stevich yn hannen en mei eltsenien kontakt. Nei MKZ binne der in protte jiermerken ophâlden. Mar Jan soarge derfoar dat Eastermar wól trochgie. Jan wie en is in ferbiner en hat alle jierren de feemerk mei foarmjûn.
Ale Brouwer, dy't mei Willem van der Heide en in prachtige ploech frijwilligers de taken fan Jan oernimt, hat mei in taspraak Jan yn 't sintsje set. It wie Jan al gau tefolle ear, mar dat nimt fansels neat wei fan wat him takomt!
Jan sjogge we fan no ôf yn in oare rol troch it publyk skarreljen mar sil der fansels altyd noch by hearre.
Tige tank Jan Atsma ! (Hjir mear foto's...)
-
- Informatie
- 18 juli 2025
Kledingmarkt met een kleedjesmarkt voor kinderen
Zaterdag 16 augustus 2025 van 11.00 – 14.00 uur, de Kjellingen Kom je ook naar onze gezellige tweede... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »