By it hurdsilen komt ús eins mar ien namme fuortendaliks yn ’t sin: dy fan Marit Bouwmeester fan Warten fansels. Al jierren sylt sy yn ‘e top fan de Laser Radial klasse. Mar it kin samar wêze dat dêr de kommende tiid feroaring yn komt. Want hjoed hat Willem Wiersema, jawis, fan Eastermar, him op ’e WK klassearre foar de Goldfleet. De Goldfleet is de heechste top fan de Laser Standard-silerij. Op himsels al in hiele prestaasje want de de Goldfleet bestiet út in sterk fjild fan hiele tûke, flugge silers. De konkurrinsje is moardzjend.
Dizze wike sylt Willem wedstriden op de WK yn Barcelona. Wy sille sjen hoe fier en hoe heech't hy yn de klassearring komme kin. En nee, hy hat noch gjin eigen Wikipediapagina. En ek noch gjin eigen hashtag op de Omrop Fryslân side. Mar ‘t soe samar kinne dat soks der oer in skoftsje hiel oars hinneleit.
Willem Wiersema, fan Eastermar.
Jawis, ien fan…
Grut wurden yn de Optimisten klasse.
Willem Wiersema.
Net wer ferjitte, dy namme...
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 mei 2022
Preamsilen op de Mar
Klik hjir foar de flyer Op saterdei 3 septimber 2022 sil de Burgumer Mar wer it toaniel wêze fan fers... Fierder lêze »