As soan fan in bakker waard Elte Martens Beima op 11 febrewaris 1801 yn Eastermar berne. De dûmny fan Eastermar doedestiids hie yn ‘e gaten dat Elte bysûndere talinten hie, net allinne foar it bakkersfak mar ek foar de wittenskip, benammen stjerrekunde. Mei help fan in jonkhear, dy’t syn stúdzje betelle, kaam Elte Martens Beima yn Leiden terjochte en studearre er geology en mineralogy. Hy waard letter konservator fan it Ryksmuseum foar Natuerlike Histoarje yn Leiden en hâlde him dwaande mei astronomy en geology. De haadstrjitte fan Eastermar is nei dizze stjerrekundige neamd.
Oant safier in stikje skiednis.
No werom nei hjoed-de-dei. Simon Bosma, ek Eastermarder, hat wol ris faker wat bysûnders by d’ein. Syn hobby’s smite bytiden moaie dingen op, lyk as okkerdeis noch in pracht fan in drone-foto fan Eastermar en Burgumer Mar. Simon is ek altyd belutsen mei it waar, benammen de útsjitters hawwe syn ynteresse.
Op sneontejûn ried Simon oer de Wâldwei. Dan sjocht er om 20.33 oere in fjoerbol yn de loft. In oar hie tocht dat it in stikje fjoerwurk west hat as ôfsluter fan ien of oar doarpsfeest. Mar hy is alert en hat al rillegau yn ‘e gaten dat er wat bysûnders sjoen hat. No hat er in dashcam (kamera op it dashboard dy’t de rit fêstleit út it perspektyf fan de bestjoerder wei) yn syn auto en dy hat de fjoerbol registrearre. Dus Simon hie de bylden!
Byld: Simon Bosma
Dat Simon dêrmei goud yn hannen hie die pas bliken doe’t er de fjoerbol op de sosjale media pleatst hie. Mei oare wurden: it filmke gie viral. Allinne al op X is it 114.000 kear besjoen. Ek de NOS liet it byld sjen yn in artikel oer de fjoerbol.
De fideo is opstjoerd nei de International Meteor Organization. De minsken dy’t der doel oer hawwe sizze dat it in meteoar west hat. Yn totaal hawwe der 48 meldingen west út Denemarken, Dútslân en Fryslân. In tal minsken hat dizze fallende stjer wol sjoen mar net op kamera set. De fideo fan Simon is dêrom ekstra bysûnder.
Hawwe wy nei 200 jier wer in stjerrekundige yn Eastermar? Nee, dat is tefolle sein. It wie tafal yn kombinaasje mei it alert-wêzen en de nijsgjirrigens fan Simon. Hy is noch altyd in bytsje ferbjustere oer de belangstelling, de likes, de retweets en alle kompliminten.
Oh ja, Simon is trouwens yn de lear foar it bakkersfak. “As hobby, hear”, seit Simon.
De fideobylden fan de dashcam, © Simon Bosma
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 september 2023
Buurt De Kamp zit er weer prima bij op Burendag
Traditiegetrouw werd Burendag weer gevierd door buurtvereniging De Kamp in Eastermar. Na koffie en g... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2023
Pat Zijlstra (de Zandloper) stookt ‘Oerfryske’ whisky
Us dream komt út! Al tijden schreef Geesje Zijlstra op het bord van de Zandloper over hoeveel dagen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 september 2023
Verse groente van de Iterstùn
Donderdagavond 21 september (7 tot 8) zijn de volgende groenten te koop op de Iterstùn SpinazieRode... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 september 2023
Eastermar is...
... yn fjoer en flam!Dizze foto is makke mei in drone troch Simon Bosma op likernôch 70 meter hichte... Fierder lêze »