Eastermarder Boubedriuw Swart is belutsen by in tige ambisjeus bouprojekt fan wenningferhierder 'Woonfriesland'. Om yn 2030 al harren wenten oan enerzjylabel B (as better) foldwaan te litten, sil it sosjale ferhierbedriuw de kommende jierren leafst 700 wenten yn hiel Fryslân fan in nij dak foarsjen. 

Yn oktober binne boubedriuw Swart en Woonfriesland begûn yn Burgum oan de Burgemeester Steenhuizenlaan mei it ferfangen van dakken fan 35 wenten. Dit duorret oant kommend foarjier.

Om't Woonfriesland mei lokale partijen wurket (ien fan de aspekten fan duorsum wurkjen) wurkje se gear mei Boubedriuw Swart. Mear ynformaasje fine jimme hjirre.

Op de foto's in ympresje fan de wurksumheden.
Dakaanpak Burgum WoonFriesland 1

Dakaanpak Burgum WoonFriesland 3

Dakaanpak Burgum WoonFriesland 2

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: