Op saterdei 15 jannewaris 2022 is yn syn wenplak Nieuw Vennep Elle Bosma op 81-jierrige leeftiid ferstoarn. Bosma wie tige ynteressearre yn de skiednis, benammen yn dy fan Eastermar. Yn it gemeente-argyf yn Burgum kin elkenien dy’t wat witte wol oer de ûntjouwing fan Eastermar dêr kennis fan nimme.
Op camping De Lits hie de famylje Bosma in fakânsjeûnderkommen. Fan dêrút besocht Elle argiven en minsken om feiten boppe wetter te krijen.
Yn de eardere doarpskrante ‘BREEDút’ publisearre Elle Bosma geregeldwei nijsgjirrige artikels oer de 2e Wrâldkriich yn Eastermar, it bestean fan Eastermarder Vlaskamptunen en oare ûnderwerpen dêr’t syn brede belangstelling út bliek. Faak wienen syn artikels oansetten ta in boek, û.o. Buitengewoon gewoon oer de famyljes Wiersma en Reitsma, De duvelin fan de helling (Eastermarder bynammen, skreaun yn ‘e mande mei Eastermarders Ids Groenewoud en Sijbren Zandstra), Welgelegen te Eastermar oer it eardere suvelfabryk, en Eastermar, de Oorlogsevacués en de Hongerkinderen in 1945. Syn lêste boek wie Gelasterde onschuld oer it libben fan Jonkvrouw Marijke Tania Wijmstra Feenstra en har lêste rêstplak yn Eastermar.
Elle Bosma hat ek as mei-grûnlizzer en beliedsbepaler yn ‘e Stichting Rom Paad in wichtige rol spile. Op de webside www.rompaad.nl hat er in ynventarisaasje makke fan alle lânnammen yn en om Eastermar hinne.
Mei rjocht in man fan kwizekwânsje mei in fin mear as in bears.
Syn kremaasje hat yn besletten rûnte plakfûn en neffens syn winsk wurdt de jiske letter útstruid op it hôf fan Eastermar.
Elle Bosma
-
- Informatie
- 18 juli 2025
Kledingmarkt met een kleedjesmarkt voor kinderen
Zaterdag 16 augustus 2025 van 11.00 – 14.00 uur, de Kjellingen Kom je ook naar onze gezellige tweede... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 18 september 2023
Eastermarder docht bysûndere waarnimming
As soan fan in bakker waard Elte Martens Beima op 11 febrewaris 1801 yn Eastermar berne. De dûmny fa... Fierder lêze »