As technysk beheerder fan Eastermar.nl is it ien fan myn taken te soargjen dat der gjin steuringen optrede op ús doarpshiemside. De snein nei it doarpsfeest is ien fan de drokste dagen yn ‘t jier en komme der mear as 1000 unike besikers del om de foto’s te besjen fan trije dagen feest. In dei om de saak wat ekstra yn de gaten te hâlden dus.
Ien fan de dingen dy ‘t wy ek besykje is it foarkommen fan spam yn ‘e mailboksen mar ek op bygelyks de Eastermerk. Dit kin troch by tiden rigoereuske maatregels te treffen. Ik haw wat dat oanbelanget like folle macht as de Internasjonale atletykfederaasje en haw Ruslân de tagong ta eastermar.nl blokkearre fia IP adressen. Sa lang Atsie Boersma hjir gjin Russyske dûnsgroepen te útfanhûzjen hat, kin soks wol. Alteast dat tocht ik.
De foto’s fan it doarpsfeest binne net allinne foar de feestgangers sels. De foto’s wurde ek tige wurdearre troch minsken dy’t der nét by wêze koene dit jier. Troch fakânsje of troch wurk om utens. Sa kaam hjir in helpkreet binnen fan Catrinus Tadema fan de Skoallestrjitte. Catrinus is seekaptein en hie tidens it doarsfeest tsjinst. Hy krige eltsje kear de ‘ferhip, der is wat misgien’ pagina der foar. En hy woe stommegraach sjen wat der allegear mist hie fansels.
“Wêr bist eins, Catrinus?” “Yn Sint Petersburg, hoe sa?”, wie it antwurd.
Hawar, de Russyske blokkade is der even ôf en Catrinus is wer bliid.
Rienk Vlieger
In foto fan Catrinus Tadema, makke yn Sint Petersburg
-
- Informatie
- 17 september 2024
Eastermar is…
... de Russen komme. Dizze 'raket' is bedoeld foar in oefening. De grutte propellerfleantugen boppe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Donateursavond de Broekophâlder
Geachte donateurs, Graag nodigen wij u van harte uit voor onze sponsor/ donateurs avond op vrijdag 18... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Sint Maartenoptocht in Eastermar
11 november is de dag, dat je lichtje branden mag. Traditiegetrouw organiseren De Marko's Burgum een... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 september 2024
Elise Westerhof yn de finale fan Liet 2024
LIET is ien fan de belangrykste Fryske sjongfestivals yn ús provinsje. Muzikanten of bands kinne har... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 09 september 2024
Elise Westerhof yn de finale fan Liet 2024
LIET is ien fan de belangrykste Fryske sjongfestivals yn ús provinsje. Muzikanten of bands kinne har... Fierder lêze »