Fanwege de ynset fan in grutte groep frijwilligers koe de 'De Hege Stins' op it Heechsân yn 2014 op 'e nij yn gebrûk naam wurde. De groep hat foar har ynset de 'Broekophâlder' krigen. De 'Broekophâlder' is in ûnderskieding en in ludike wikseltrofee foar doarpsgenoaten dy 't fertsjinstlik wienen foar de mienskip.
Wa fertsjinnet de trofee dizze kear?
Op 'e kâlde moandeitejûn fan 2 maart 2015 sit it bestjoer fan Stichting 100 jaar Dam Jaarsma yn 'e smûke keuken fan it Dam Jaarsmahûs. De leden sitte, sa as altyd mei wille mar soms ek ferheftich, te fergaderjen. Dan komt der ûnferwachts fisite! Ferrassing! In delegaasje fan 'e Hege Stinsfrijwilligers oerfalt it bestjoer en se hawwe in presintsje meinaam. Der folgje moaie wurden fan Wopke Wobbes en Tsjip de Vries foar it bestjoer èn foar alle oare frijwilligers dy't it Dam Jaarsmajier ta sa'n grut sukses brocht ha. Al dy aktiviteiten en publisiteit. It wie geweldich, sa meitsje de mannen dúdlik. 'Jim hawwe dizze trofee mei-inoar dik fertsjinne!' Ek Doarpsbelangfoarsitter Jan Wind, dy't mei de delegaasje meikaam, sprekt syn wurdearring út. Hy wol graach dat ien en oar in ferfolch kriget.
Foarsitter Iris Rusz jout yn har tankwurdsje de doelen oan fan 'e Stichting: Libben en wurk fan Dam Jaarsma breder ûnder de oandacht bringe en it dêrmei de wurdearring jaan dy 't it fertsjinnet. Ek wie it de bedoeling om it doarp hjirmei (noch) mear op 'e kaart te setten, om mear besikers en toeristen te lûken. Mei tank oan al dy frijwilligers (mear as hûndert!) is dit allegear goed slagge.
Op 'e foto's is te sjen hoe wiis't Harmke, Iris, Martsje, Sharon en Willem mei de priis binne.
De foto's binne fan Harmke Paulides. Sy sit wylst net mear yn it bestjoer mar wie wol ien fan de inisjatyfnimmers.




-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard KempenaarFanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 september 2024
Bloeivolle verhalen activiteiten
Tijdens de Bloeiweek hebben Loltsje, Aukje, Ant, Wijbe, Ypie en Iris Eastermar laten zien en horen h... Fierder lêze »