Doarpsgenoat Swaan Postma-Vondeling is dit jier winner wurden fan it Grut Frysk Diktee 2008. Mei mar 8,5 flater wie hja de bêste fan de 27 betûfte dielnimmers.

It diktee wurdt om de twa jier organisearre troch de mienskiplike Dikteekommisje fan de Afûk, it taalsintrum Frysk fan it Cedin, de Fryske Akademy en It Fryske Boek. It waard ôfnaam yn de steateseal fan it Provinsjehûs.

Swaan Postma hie yn 't foar tocht dat sy yn de middenmoat einigje soe en wie tige ferrast dat hja de winner wurden wie, sa fertelt sy yn in ynterview mei Omrop Fryslân Radio. Aardich om te witten is dat dy selde omrop Swaan Postma de titel 'doarpsskriuwster' jûn hat. Lêzers fan de BREEDút wisten dit al folle earder fansels.

Op de side fan Omrop Fryslân is mear te lêzen en te hearren oer it diktee: http://www1.omropfryslan.nl:80/Kategory_Frysk_£_Kultuer_48057.aspx

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe