It liket der op dat it sigaarsmoken, in tradisjonele tradysje op it doarpsfeest, oan populêrens tanimt. Alle stuoltsjes achter de dranghekken yn de loads wienen beset, it tal sigaren mar justjes genôch. Ek wie der grutte belangstelling ûnder it publyk foar de dielnimmers.
It is in prachtich kontrast yn al dit feestgeweld. Foar de dranghekken wurdt der dûnse en meisongen op de livemuzyk fan Hollânsktalige hits. Achter de hek is it stil. In momint fan rêst, konsintraasje. Dielnimmers stoarje wat foar harren út of prate wat mei buorman of buorfrou. In pilske, oanbean troch de feestkommisje giet grif nei binnen. Fan sigaarsmoken kriget men toast as in hynder. Guon stekke sa út en troch in sjekje der by oan, foar de smaak...

De útslach: Winner mei in oerbleaun peukje fan 15 mm (it algemiene rekord stiet op 12 mm) wie âld Eastermarder Geart Feddema. Twadde wie Jelmer Hoekstra (fan 'e Boskkamp) mei 18 mm. It tredde plak wie foar dhr. J. Slinkman ( al 8 jier fêste kampinggast yn Eastermar) mei 21 mm.
De sjuery bestie út Wijbe Postma en Toop van der Velde. (Dit omdat fêst sjuerylid Elle Hoekstra op dit feest in hiele oare wichtige taak hie; it bestjoeren fan ien fan de oldtimerbussen.)

Wy freegje ús ôf yn hoefier it sigaarsmoken om de langste jiskekegel unyk is. Binne der noch oare plakken wêr 't dit barren ek plakfynt? Graach hjirûnder reagearje.

sigaarsmoken.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe