"Dit hawwe wy hjir noch nea belibbe" seine de ûnstanners dy't de hiele moarn tsjûge wiene fan it leechheljen fan in weedkwekerij oan de E.M. Beimastrjitte.
De kwekerij is by tafal ûntdutsen omdat de plysje de bewenner foar wat oars tantsje soe. Doe kaam syn hannel oan't ljocht. Alteast, dat wat syn hannel wurde soe. De man, dy't fuortendaliks oanhâlden is, wenne noch mar twa moanne yn it oangeande hûs en wie yn dy tiid hast safier dat er foar de earste kear de rispinge binnehelje soe. De hiele boppe-etaazje stie fol planten, kompleet mei professionele ljocht- en wetterynstallaasje. Planten en apparatuer waarden fuortendaliks ferneatige. Oer it Breed wie de hiele moarn in skerpe weedlucht te rûken.
Buorren fan de man hiene lykwols foar dy tiid noch nea wat rûkt of fernommen fan syn illegale aktiviteiten. "Komme wy dêrfoar fan Amsterdam hjir te wenjen om sok sorte dingen foar te kommen, hawwe wy dít neist de doar", wie harren kommentaar.

weedkwekerij.jpg

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe