In pûdefol snobbersguod ophelje, dát is it doel fan Sinte Marten. Alteast, as men it de bern freget. Ienkear thús moat de opbringst fan it 'by de doarren del' fuortendaliks ynspektearre wurde. Ek sille guon âlden harren der wol mei bemuoie wolle. Dus de pûde mar op 'e kop op tafel. In tal âlden moat nuver opsjoen hawwe doe 't tusken de lolly's, spekjes, dropkes, suertjes, kaugom, M&M's, minimarsen, sûkelaadsjes, pipermunt, doaskes rezinen, swart-wyt kûgels, toverballen, winegums, ingelske dropkes, iisbonbons, sûne mandarinen en 'koetjesrepen' in cd fan Simon Dijkstra foar it ljocht kaam...

Neffens Simon Dijkstra 'mutte goeie dingen ferspreid wurde'. It is him goed befallen. It oare jier wol er wer wat oars betinke. It koe yn 2008 mei Sinte Marten wolris drok wurde oan de doar fan Simon.

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe