gelok

Bêste bewenner,

Fan 1 o/m 4 oktober binne wy yn Eastermar mei de aventoerlike audio-kuiertocht fol poëzy 'It gelok fan Fryslân'.

Oer de kuiertocht

De besiker kuieret in rûte fan sa’n 3 km troch it doarp. De rûte wurdt oantsjutten troch in giel tou, dat oer de hiele rûte lein wurdt. Op de rûte wurde ek in tal objekten pleatst.

De kuiertocht wurdt stipe troch in trochrinnende soundscape (muzyk) en in gedicht. Dizze audio heart de besiker fia eigen/lient telefoan en koptelefoan.

De kuiertocht is folslein corona-proof. Besikers kuierje de tocht yndividueel en begjinne om ‘e minút. Wy wurkje mei tiidfekken; alle 20 minuten begjinne 10 minsken de kuiertocht. Besikers keapje yn it foar in kaartsje.

Wat betsjut dit foar jo?

Wy dogge ús bêst om sa min mooglik lêst te jaan. De kuierders rinne yndividueel en hearre it lûd fia de eigen/lient koptelefoan of earkes. Hjirtroch sille jo gjin lêst ha fan lûdsoerlêst. Der sille ek gjin diken of paden ôfsletten wurde.

Fan tongersdei 1 oktober ôf sil de opbou út ein sette. Sneon 3 en snein 4 oktober sil der kuiere wurde fan 13.00 oant uterlik 17.30 oere.

De gemeente is op ‘e hichte fan dizze kuiertocht.

Mear ynformaasje oer de kuiertocht kinne jo fine op ús webside: https://tryater.nl/show/it-gelok-fan-fryslan/

Wij hoopje dat wy jo hjirmei goed op ‘e hichte brocht ha. Ha jo dochs noch fragen of opmerkingen, nim dan kontakt op mei Amarins Jansma fia of telefoanysk fia 058-2882335.

 

Tige tank út namme fan it hiele team fan Tryater, alle frijwilligers en Sjoerd Blom

 

---

 

Beste bewoner,

Van 1 t/m 4 oktober strijken wij neer in Eastermar met de avontuurlijke audio-wandeltocht vol poëzie ‘It gelok fan Fryslân’.

Over de wandeling

De bezoeker bewandelt een route van zo’n 3 KM door het dorp. De route wordt aangeduid middels een geel touw, welke over de gehele route gelegd wordt. Op de route worden ook enkele objecten geplaatst.

De wandeling wordt ondersteund door een doorlopende soundscape (muziek) en een gedicht. Deze audio hoort de bezoeker via een eigen/geleende telefoon en koptelefoon.

De wandeling is volledig corona-proof. Bezoekers bewandelen de wandeling individueel en starten om de twee minuten. We werken met tijdvakken; elke 20 minuten startten 10 personen de wandeling. Bezoekers kopen van tevoren een ticket.

Wat betekent dit voor u?

Wij doen ons uiterste best om zo weinig mogelijk hinder te veroorzaken. De wandelaars lopen individueel en horen het geluid via eigen/geleende koptelefoon of oortjes. Hierdoor zal u geen last hebben van geluidsoverlast. Er zullen ook geen wegen of paden afgesloten worden.

Vanaf donderdag 1 oktober zal de opbouw beginnen. Zaterdag 3 en zondag 4 oktober zal er gewandeld worden van 13.00 tot uiterlijk 17.30 uur.

De gemeente is op de hoogte van deze wandeling.

Meer informatie over de wandeling kunt u vinden op onze website: https://tryater.nl/show/it-gelok-fan-fryslan/

Wij hopen dat wij u hiermee voldoende hebben geïnformeerd. Heeft u toch nog vragen of opmerkingen, neem dan contact op met Amarins Jansma via of telefonisch via 058-2882335.

 

Veel dank namens het gehele team van Tryater, alle vrijwilligers en Sjoerd Blom.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen