- Kategory: De minsken fan
- Publisearre: 03 juli 2019
Alde aansichtkaart Eastermar 100 jier letter
De aansichtkaart is nei alle gedachten fan 1915. Yn dy tiid rûn de folsleine strjitte út wannear't der in fotograaf delkaam. Soks wie doe noch bysûnder. 100 jier letter, yn it mobyltsjetiidrek en mei de AVG (Algemene Verordening Gegevensbescherming) yn gedachten, is ’t earder oarsom.
Foar de gelegenheid is dizze selde foto op ‘e nij makke. De Eastermarders op de hjoeddeiske foto binne de koarleden fan Koardinaasje, dy’t op dat stuit byinoar wiene foar in ynformeel konsert, boppe op ‘e pleintafel.
Klik op 'e foto's foar in fergrutting.