Yn it julynûmer fan de Friesland Post stiet in hiel aardich artikel oer Eastermar. Op pagina 10 oant en mei 13 krije Klaas Henstra fan it streekmuseum oer fynsten by Eastermar, Gepke Wijma ('Beppe Gep') oer it klokmakkersfak en Tsjerk van der Meer oer it libben op in skûtsje omtinken.
Aardich om te lêzen dat der yn 1942 in Polygoonfilmke makke is oer Gepke Wijma. Sy waard presintearre as earste froulike klokmakker.

Image

By de Friesland Post sit ek in skûtsjebylage. En ja hear, de 'Ea' fan Eastermar stiet by it wedstriidskema op pag. 44 by de C-klasse fan de IFKS! En dan te betinken dat it skip pas oare wike ferve wurdt...

De 'Waterkampioen' hat in jubileumnûmer útbrocht. Paginagrut wurdt de Lits-Lauwersmarrûte as 'grenzeloos varen in zomers Fryslân' presintearre. No de simmer noch...

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe