Op in wat suterige freedtemiddei is der ljocht yn de basisskoalle de Twirre yn Eastermar. It is dêr feest want de boekpresintaasje fan Broek mei bûsen sil úteinsette. Der is kofje, der is gebak, der is muzyk fan it orkest Kroost van Joost ûnder lieding fan Johan Postma.

Goejûn, goemoarn,
broek mei bûsen ha ik oan.

Sa begjint it earste gedicht yn it boek Broek mei bûsen. 
Skriuwster Ineke van der Heide hat foar de gelegenheid in bysûndere broek oan, ien mei bûsen fansels. Yn ‘e bûsen sitte geheime skatten ferstoppe, dy’t ien foar ien foar’t ljocht komme.
Yn har presintaasje lêst Ineke in tal gedichten foar. It folwoeksene publyk, de seal sit fol, fynt it al like prachtich as de pjutten en beukers wêr 't boek foar bedoeld is. "Puzelje mei wurden, sok moai wurk", ljochtet Ineke har wurk ta.

Margreet de Jong (Studio Teer) jout in taljochting wat de yllustraasjes oanbelanget. Mei mar trije kleuren, oker, ljochtblau en swart, hat de Jong yn in waarme, fleurige styl har tekeningen makke. By it wurkjen oan de tekeningen brûkte sy har soantsje as proefpersoan. Spruts de tekening him oan, dan wie de yllustraasje slagge.

Nei de presintaasje is der in protte belangstelling om it boek te keapjen en de earste doazen wiene gau leech. Utjouwer Piter Boersma is optein.
En fansels koe it boek fuortendaliks sinjeert wurde troch Ineke. In kâns dy’t eltsenien grypt.

Yn gearwurking mei útjouwerij Hispel en Studio Teer hat it in projekt fan likernôch twa jier west. De earste oplage is 500 stiks.
It boek kostet € 14 en it te keap/te bestellen by de boekhannel of fia de websjop van ‘e AFûK.
Direkt fia Ineke bestelle kin ek: mail nei of stjoer in apke nei 0658874545.

Eastermar, in doarp fol kreative stjerren. Ien fan dy stjerren hjit Ineke van der heide. Skriuwster fan in bysûnder moai en oansprekkend foarlêsboek mei berneferskes.

broek mei bûsen

P1280236web
Ineke van der Heide en de 'broek mei bûsen'

P1280221 web
Orkest Kroost van Joost

P1280224web
Margreet de Jong

P1280273web
Piter Boersma

P1280283web
De sinjearsesje

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe