In bizar tafal. Twa Eastermarders, buorlju, wurde beide boargemaster yn Fryslân. Tineke Schokker hat har stânplak wat fierder fuort, op Flylân. Oebele Brouwer is sûnt 7 febrewaris 2019 boargemaster fan buorgemeente Achtkarspelen. In gemeente dêr’t in part fan syn roots lizze en dêrom in klik mei hat.

Oebele Brouwer is al mear as 20 jier Eastermarder. En dat bliuwt er. De minister hat him spesjaal tastimming jûn dat er yn Eastermar wenje bliuwe mei. Gelokkich foar Brouwer sels, gelokkich foar Eastermar. Want hast alle Eastermarders kinne Oebele en oarsom. Altyd warber, altyd klear stean foar it doarp.

En hoe moai te sjen en te hearen, yn syn earste taspraak as boargemaster, dat ‘ús Oebele’ yn syn nije rol krekt de selde bliuwt. Belutsen, persoanlik (in protte minsken yn ‘e seal wurde neamd) en fol passy. Sa’t Eastermarders him allegear kinne. En ja, hy mei graach yn ‘e belangstelling stean, mar hy is de earste dy’t dat tajout. Sa is te lêzen yn syn ôfskiedsynterview as ofsier fan justysje op 'e side fan it Openbaar Ministerie.


De sirkel is rûn, dat wie de reade tried yn syn iepeningstaspraak. En dy sirkel, dêr makket Eastermar útdruklik diel fan út. Wy binne Oebele net kwyt en sille him noch geregeld tsjinkomme: silend mei syn platboaiem op ‘e Mar, op ien of oare gearkomste of kuierjend mei frou en hûn.

En krekt dêrom heart dit artikeltsje thús yn de rubryk  ‘De minsken fan…’

BLK InstallatieBrouwer 330

BLK InstallatieBrouwer 262

BLK InstallatieBrouwer 376

Foto's: Gemeente Achtkarspelen, Binne-Louw Katsma

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe